Amelân wol gemeentlike jachthaven opknappe

29 nov 2019 - 22:13

Boargemaster en wethâlders fan Amelân wolle in miljoen euro útlûke foar it opknappen fan de jachthaven op it eilân. Dy is driuwend oan in opknapbeurt ta. Sa binne de stegers en brêgen al lang ôfskreaun en foldocht de ynrjochting net mear oan de hjoeddeiske easken.

Foto: Wopkje Bergmans

Mei it jild fan de gemeente en mei oardel ton fan de provinsje sil de haven by de tiid brocht wurde. De gemeenterie nimt meikoarten in beslút oer it jild. Doel is dat it wurk op 1 april klear is.

Letter folget noch in twadde faze fan de opknapbeurt, wêrby ûnder oare it parkearterrein en de fytsestalling oanpakt wurde. Foar dat diel fan it wurk is ek nochris in miljoen euro nedich.

(advertinsje)
(advertinsje)