UPDATE: Brân yn ôffaloven fan Omrin yn Harns is wer út

29 nov 2019 - 22:04

De brânwacht is freedtejûn útriden fanwege in brânmelding by de ôffaloven fan Omrin yn Harns. Der wie brân by de trachters, mar is is de brânwacht slagge it fjoer wer út te krijen. Twa wiken lyn wie dat ek al it gefal.

Brânwacht - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Neffens de brânwacht gie it dizze kear om in brân yn isolaasjemateriaal by de trachters. De brân waard bestriden mei lege druk.

Foar de helpferliening binne twa tankspuitauto's en in rêdingswein útriden. Dat is neffens de brânwacht de standertproseduere.

Twa wiken lyn koe personiel de brân blusse, wol die de brânwacht doe noch in neikontrôle.

Trefwurden: 
Harns Omrin ôffaloven
(advertinsje)
(advertinsje)