SC Cambuur pakt trije punten tsjin Jong AZ

29 nov 2019 - 21:53

Fuotbalklup SC Cambuur hat freedtejûn mei 3-1 wûn fan Jong AZ. De Ljouwerters wienen yn harren thúswedstriid, nei in 1-0 efterstân, troch goals fan Stanley Akoy, Issa Kallon en Robert Mühren mei 3-1 te sterk foar de Alkmaarders.

Mitchel Paulissen - Foto: Orange Pictures

De ploech fan trainer Henk de Jong begûn min oan de wedstriid. Al nei trije minuten kamen de Ljouwerters op in efterstân. Nei in ferkearde pass fan keeper Sonny Stevens koe Félix Correia de bal pakke, Erik Schouten útkappe en skoare. Nei de efterstân stie it net folle letter hast 1-1, mar it skot fan Robert Mühren koe mei de hân keard wurde troch AZ-keeper Rody de Boer.

Kallon hat brommer mei

Yn de 19e minút fan de wedstriid stiene de Ljouwerters lykwols wol op in likense hichte. Mitchell Paulissen berikte David Sambissa dy't de bal foarsette koe. Yn it strafskopgebiet lei Mühren mei de holle de bal werom op Akoy lizze dy't mei in skot soarge foar 1-1. In minút letter lei de 2-1 der ek al yn foar Cambuur. Oan de rjochterkant fan it fjild stapte Kallon op de brommer en nei in sprint makke de bûtenspiler fia de ûnderkant latte de 2-1. Nei de 2-1 gie de wedstriid lykweardich op, mar de Ljouwerters giene mei in foarsprong de klaaikeamers yn.

Drege twadde helte

Yn de twadde helte bliuwn it lykweardich opgean. Nei in oere spyljen krige Sambissa in kâns op de 3-1, mar syn skot koe keard wurde troch de AZ-keeper. De Ljouwerters hiene muoite om inoar goed te berikken yn de twadde helte. Nettsjinsteande de druk fan de Alkmaarders koe Cambuur wol de foarsprong fergrutsje.

Ynfaller Ragnar Oratmangoen pakte op de helte fan Jong AZ de bal ôf. Syn pass kaam terjochte by de topskoarer fan de Ljouwerters Mühren. Hy koe mei syn fjirtjinde goal fan it seizoen de spanning út de wedstriid helje: 3-1.

Cambuur ferdigene de foarsprong de lêste minuten mei tsien man neidat Akoy mei in blessuere oan de holle it fjild ferlitte moast. Mar de trije punten kamen net mear yn gefaar. Troch de winst bliuwt Cambuur boppe-oan stean yn de stân mei 39 punten út 17 wedstriiden.

SC Cambuur - Jong AZ 3-1 (2-1) 3. Correia 0-1; 19. Akoy 1-1; 20. Kallon 2-1; 76. Mühren 3-1

Opstelling Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosh, Schouten, Sambissa; Akoy, Maulun, Hoedemakers; Kallon (79. Bangura), Mühren, Paulissen (66. Oratmangoen)

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Jong AZ
(advertinsje)
(advertinsje)