SC Hearrenfean bûget efterstân tsjin Vitesse om yn winst

29 nov 2019 - 21:50

SC Hearrenfean hat freedtejûn trije punten pakt tsjin Vitesse. Nei in efterstân fan twa doelpunten koene de Feansters de wedstriid dochs noch yn harren foardiel beslisse. Troch goals fan Faik, Van Bergen en Odgaard waard it 3-2.

Foto: Orange Pictures

SC Hearrenfean begûn de wedstriid mei twa wizigingen yn ferliking mei de wedstriid tsjin PSV. Chidera Ejuke en Rodney Kongolo wiene net fit en waarden ferfongen troch Jordy Bruijn en Alen Halilovic.

Stipe foar De Wagt

De wedstriid yn It Hearrenfean begûn mei stipe foar Chris de Wagt. Foarôfgeand kamen de spilers mei spesjale shirts it fjild op mei de namme Chris derop. De 34-jierrige coach fan de jongerein by de fuotbalklup is al in skoft slim siik. Op dizze wize litte de klup en spilers sjen dat se oan him en syn famylje tinke en dat se him krêft tawinskje yn dizze swiere perioade.

Gau op efterstân

De earste grutte kâns wie nei fiif minuten foar de Feansters. Mitchell van Bergen dribbelde nei binnen en skeat de bal krekt oer de krusing. Mar it wie Vitesse dy't al binnen tsien minuten op foarsprong kaam. Nei in stekpass fan Navarone Foor kaam Tim Matavz allinnich foar keeper Warner Hahn te stean en mei in lobke iepene er de skoare: 0-1. Nei in kertier krige Vitesse in grutte kâns om op 0-2 te kommen. Hachim Faik syn breedtepass waard ûnderskept troch Bryan Linssen, dy't Matavz berikte. Hy kaam lykwols net foarby Hahn.

Yn de 21e minút stie de ferdigening fan Hearrenfean te sliepen doe't Vitesse-keeper Remko Pasveer in úttraap oer de Feanster ferdigeners skeat. Linssen wie skerp en koe ien-op-ien keeper Hahn passearje.

Mitchell van Bergen en Johnny Jansen jûchje - Foto: Orange Pictures

Krekt foar de ein fan it skoft koe Hearrenfean de oanslutingstreffer meitsje. Bruijn kapte it strafskopgebiet yn en kaam dêrmei yn kontakt mei ferdigener Armando Obispo. De strafskop waard ta doelpunt promovearre troch Faik. De stân by it skoft wie 2-1 yn it foardiel fan de Arnhemmers.

Sterke twadde helte

De Feansters kamen skerp út de klaaikeamers fan it Abe Lenstrastadion. Earst wiene der kânsen foar Faik en Veerman en yn de 63e minút kaam de lykmakker fan de ploech fan trainer Johnny Jansen. Ald-Vitessespiler Van Bergen krige de bal oan de linkerkant fan it fjild, gie op snelheid syn direkte tsjinstânner foarby en skode de lykmakker yn de goal. De oanfaller fierde syn goal troch trainer Johnny Jansen yn de hannen te springen.

Nei trijefearns fan de wedstriid hiene de Feansters de 2-0 efterstân ombûgd nei in 3-2 foarsprong. Mei de bûtenkânt fan de rjochterfoet berikte ynfaller Andres Dreyer spits Jens Odgaard. Dy koe yn de draai Hearrenfean op foarsprong sette.

Troch de oerwinning stiet Hearrenfean op 24 punten nei 15 wedstriden. Se dogge goed mei yn de subtop fan de earedifyzje.

Mitchel van Bergen oer de coach fan SC Hearrenfean

SC Hearrenfean - Vitesse 3-2 (1-2) 9. Matavz 0-1; 21. Linssen 0-2; 42. Faik (p.) 1-2; 63. Van Bergen 2-2; 69. Odgaard 3-2

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Faik, Veerman, Bruijn (59. Kongolo); Van Bergen, Odgaard en Halilovic (59. Dreyer)

(advertinsje)
(advertinsje)