Fergeze krystbeam op Flylân, mar wol skuon mei in stevich profyl oan

29 nov 2019 - 20:35

Staatsbosbeheer jout Flylanners ek dit jier wer de gelegenheid om fergees in krystbeam út de bosk te heljen. Nije wike sneon stean "de zagen scherp voor je klaar, de warme chocomel ook", sa meldt de organisaasje. Mar:"Kijk uit, het kan glad zijn".

De fjoertoer fan Flylân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De krystbeam kin seage wurde op it Vuurboetsduin, it dún dêr't ek de fjoertoer op stiet. Mar dêr kin it glêd wêze, warskôget Staatsbosbeheer. Dy glêdens komt omdat der op de dúnhellingen in soad rindiermoas groeit. "Als het vochtig in het duin is, ontstaat er een onder de laag rendiermos een soort snotlaag, waar je gemakkelijk op uit kunt glijden".

Om útglydzjen foar te wêzen, komt Staatsbosbeheer mei in advys: "Schoenen met een stevig profiel zijn handig".

(advertinsje)
(advertinsje)