Yn 'e hânboeien by rûnlieding Blokhûspoarte, mar wêr is it kaaike?

29 nov 2019 - 18:47

De plysje moast der freedtemiddei oan te pas komme om ien fan de dielnimmers oan in rûnlieding troch de Blokhûspoarte yn Ljouwert te befrijen fan hânboeien. Dy krige de hânboeien om om te ûnderfinen hoe't dat is. Mar wer ôfdwaan slagge net: de rûnlieder wie it kaaike fergetten.

Oanhâlding - Foto: Shutterstock.com

Omdat it net slagge om sels mei in oplossing te kommen, waard de plysje belle. Doe't dy kaam, blykte it kaaike fan de hânboeien fan de plysjes ek op dy fan de rûnlieding te passen. "Voor de betrokkene was het ongetwijfeld een boeiende rondleiding", sa meldt de plysje oer it foarfal.

(advertinsje)
(advertinsje)