Ald-direkteur Fryske Akademy keart him tsjin rêdingsplan fan provinsje

29 nov 2019 - 18:29

De plannen fan de provinsje om de Fryske Akademy út de finansjele problemen te heljen binne just funest foar de takomst. As Provinsjale Steaten akkoart geane mei dat rêdingsplan degradearret it fan in wittenskiplik topynstitút ta in âldheidskeamer mei heechút provinsjale betsjutting. Dy hurde wurden komme fan trije mannen: Bearn Bilker (âld-boargemaster Kollumerlân), Jan Kersbergen (foarsitter Frysk Akademyfûns) en Reinier Salverda (âld-direkteur).

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Sy fine ûnder oare dat de provinsje fierstente min jild útlûkt foar de rêding fan de Fryske Akademy, mar ek fine se it gjin goed idee as de Fryske Akademy skielk net mear ûnder de KNAW (Koninklijke Nederlandse Alademie van Wetenschappen) falt. Salverda: "Dat betsjut gewoan in degradaasje en it útklaaien fan in hiel wichtich ynstitút."

Alarmearjende berjochten

De lêste tiid folge it iene nei it oare alarmearjende berjocht oer de Fryske Akademy. Yn jannewaris 2018 stapte de wittenskiplik direkteur op. Fierder binne der grutte jildproblemen: alle jierren is der in tekoart fan 350.000 euro. In taskforce hat ûndersocht hoe't dy problemen oanpakt wurde moatte en begjin novimber kaam deputearre Fokkens mei it beslút: De Fryske Akademy wurdt rêden troch fiif jier efterelkoar in bedrach fan 200.000 euro te jaan. Dêrnjonken jout de provinsje 350.000 euro foar in reorganisaasje.

Op syn minst 3 miljoen

Mar de trije manlju, Bearn Bilker, Jan Kersbergen en Reinier Salverda, binne it dêr net mei iens. Dat skriuwe sy yn in brânbrief oan Provinsjale Steaten. Salverda: "As jo wier in wittenskiplik werstel fan de Fryske Akademy wolle, dan is op syn minst 3 miljoen euro nedich, dat kinst gewoan berekkenje. Dy 350.000 euro foar dy reorganisaasje is nearne op grûndearre." Salverda ferwiist dêrby nei 2007, doe't hy sels direkteur wie. "Ek doe hawwe wy in reorganisaasje trochfierd, dêr't acht persoanen by belutsen wiene en doe wie der op syn minst it dûbele nedich."

Ferantwurdlikens

Salverda wie sels direkteur fan 2006 oant 2013, mar likegoed fielt Salverda him frij om krityk te jaan op de gong fan saken by de Akademy en op de plannen fan de provinsje: "As je dan sjogge dat de hiele boel no mis is, dan haw ik in ferantwurdlikens. It trijemanskip Bilker, Kersbergen en Salverda moat soargje dat de gegevens en de feiten dy't der ta dogge bekend binne by de minsken dy't besluten nimme moatte. Alles wat wy dogge is sizze: dit sit net sá, mar sá."

Wat is der wól nedich?

Yn desimber beslute Provinsjale Steaten oer it rêdingsplan foar de Fryske Akademy. Bilker, Kersbergen en Salverda oer wat neffens harren nedich is: "Verankering in de KNAW, structureel meer geld voor de zelfstandige wetenschapsbeoefening en eenmalig geld om de organisatie weer op orde te krijgen."

Reinier Salverda oer de situaasje by de Fryske Akademy

Reinier Salverda - Foto: Fryske Akademy

De Fryske Akademy sit yn Ljouwert en docht ûndersyk nei Fryslân, de Fryske skiednis, kultuer en taal. Sa hat de Fryske Akademy jierren wurke oan it 25 dielen tellend Frysk wurdboek. De wichtichste opdrachtjouwer fan de akademy is de provinsje Fryslân, bygelyks as it giet om ûndersyk nei taalefterstannen en twataligens.

(advertinsje)
(advertinsje)