Rjochter wiist beswieren tsjin gaswinning Noardwâlde ôf

29 nov 2019 - 17:57

De rjochtbank hat freed oardiele dat Vermilion gas winne mei by Noardwâlde. Fanwege de stikstofútspraak fan de Ried fan Steat yn maaie fûn Milieudefensie dat der foar it boarprojekt yn Noardwâlde in natuerfergunning nedich is. Gaswinning soe stikstofdeposysje feroarsaakje by it Naturo2000-gebiet Drents-Friese Wold en it Leggelderveld.

Foto: Ronnie Porte

Vermilion hat it projekt oanpast en mei de nije stikstofberekkening is fêststeld dat der gjin negative gefolgen binne foar it Natura2000-gebiet en dat der dus net in natuerfergunning nedich is. De minister hat dit befêstige en de rjochtbank yn Amsterdam hat dizze partijen gelyk jûn.

(advertinsje)
(advertinsje)