Nyck de Vries sechde yn lêste kwalifikaasje foar Formule 2

29 nov 2019 - 17:29

Autoracer Nyck de Vries is op it Yas Marina Sirkwy yn de Feriene Arabyske Emiraten sechde wurden yn de kwalifikaasje foar de Formule 2-race. It binne de lêste races foar De Vries yn dy klasse.

Nyck de Vries - Foto: Orange Pictures

De koereur út Twellingea waard yn septimber al kampioen fan de klasse. Hy hat safolle punten byinoar riden dat hy net mear te efterheljen is troch syn konkurrinsje.

De Vries is yntusken oerstapt nei de elektryske Formule E-klasse, dêr't hy koartlyn syn earste race riden hat.

De lêste races fan it Formule 2-seizoen wurde sneon en snein riden.

(advertinsje)
(advertinsje)