5 jier 'Walking Football' by Cambuur, mar 'Talking Football' like wichtich

Sportklup Cambuur fiert it 5-jierrich bestean fan it 'Walking Football' by de klup. Dêrom hat it teams út hiel Fryslân útnûge foar in toernoai. 'Walking Football' is net hiel oars as it gewoane spultsje. It ferskil is dat de spilers net drave meie en ek lichaamlik kontakt is net tastien.
Walking fuotbal Old Stars
Jens Dijkstra is ien fan de pioniers fan it Walking Football yn Nederlân en Fryslân, ûnder oaren as adviseur by it fuotbalbûn. Neffens him is de dissipline in wichtige tafoeging oan it fuotbal. "De bedoeling is safolle mooglik minsken yn beweging te bringen. By normale ferieningen hâldt it faak by 50 jier op. Dit biedt safolle perspektyf, want wy wurde âlder en âlder en minsken bliuwe sûn. En sa hâlde minsken kontakten."

'Talking football'

Trainer Marcel Frankena sjocht dat it goed is foar de spilers. "Het is met name gezond houden en in beweging blijven. Maar 'talking football' is net zo belangrijk als Walking Football. Een uur voor de wedstrijd zitten de mannen al in de kantine om van alles te bespreken. Met elkaar leuke dingen doen, dat is waar het om draait."
Ek âld-grinsrjochter Jan Dolstra docht oan Walking Football. "Ik hie der ris wat oer sjoen op telefyzje. Ik ha by Cambuur west om te sjen. Doe seine sy: 'Do kinst wol meidwaan', en ik wie fuort ferovere." It nivo foel Dolstra earst noch wol wat ôf. "De spieren moatte noch wol wat bewege kinne. Ik koe de oare deis hast net mear rinne."
Ferslachjouwer Arjen de Boer by it Walking Football