Deputearre Sander de Rouwe makket útstapke nei it fuotbaljen

29 nov 2019 - 16:37

CDA-deputearre Sander de Rouwe stoart him op fuotbal. Hy wurdt foarsitter fan in wurkgroep dy't by Sportclub Bolsward de kar foar fuotbalje op sneon of snein tariede moat.

Foto: Omrop Fryslân

"Tot grote vreugde van het bestuur heeft Sander de Rouwe (39) zich bereid verklaard de rol van onafhankelijk voorzitter op te pakken", sa skriuwt de sportklup op de webside. "Wij verwachten dat Sander, gezien zijn ruime ervaring met formatieprocessen, het proces op professionele wijze zal leiden."

De Rouwe wennet ek yn Boalsert en siet ek yn de Boalserter gemeenteried. Foar't er deputearre waard wie er lid fan de Twadde Keamer.

(advertinsje)
(advertinsje)