Fysioterapeut Stefan Bodde sil Sander Arends bystean op Australian Open

29 nov 2019 - 16:10

Om de kâns op sukses sa grut mooglik te meitsjen, sil tennisser Sander Arends in fysioterapeut meinimme tidens syn reis fan fiif wike nei Australië. Stefan Bodde fan Dokkum sil Arends by de toernoaien begeliede.

Bodde is de ôfrûne jierren de fêste fysioterapeut fan Arends. Hy gie wolris faker mei nei in toernoai, mar it is foar it earst dat it duo foar langere tiid gearwurket. "Het wordt een hele mooie ervaring, het is gewoon een hele mooie stap. De uitdaging is om in Australië een goede prestatie neer te zettten," seit Bodde, dy't freed begûn is om Arends fit te krijen foar it nije seizoen, en dan benammen foar it Grand Slam yn Melbourne.

Gjin ûnbekenden

Arends en Bodde binne gjin ûnbekenden fan inoar. As lytsje jonkjes stiene sy al tegearre op de tennisbaan. Dochs binne it gjin freonen, en dat wurket goed, sa tinkt Arends: "We komen niet bij elkaar over de vloer, maar we kennen elkaar wel heel goed. We kennen elkaar door en door, en omdat we privé niet veel met elkaar omgaan, kunnen we heel zakelijk blijven naar elkaar toe."

Foto: Frans Arends

Neist it begelieden van Arends is Bodde ek noch wurksum as fysioterapeut yn Dokkum. "Dat doe ik zo'n twee tot drie dagen per week. Dat vind ik ook erg leuk, en wil ik ook blijven doen. Maar als het tot de mogelijkheden behoort, wil ik zeker vaker met Sander meegaan komend jaar."

In training fan Sander Arends mei syn fysioterapeut

(advertinsje)
(advertinsje)