Ofleveringen 'De grinzen fan Europa' te sjen op filmfestivals yn Italië

29 nov 2019 - 15:00

Twa ôfleveringen fan de FryslânDOK-searje 'De grinzen fan Europa' binne de kommende wike te sjen op twa festivals yn Italië. Op sneon 30 novimber lit minderhedefestival Suns Europe yn de stêd Udine de dokumintêre 'Feroaring yn 'e loft' sjen. Dy dokumintêre giet oer de Val d'Aran yn de Pyreneeën, it meast noardwestlike stikje fan Kataloanië. It programma is yn Udine te sjen mei ûndertitels yn it Ingelsk.

Klimaatdemonstraasje by -19 yn Jokkmokk, op de poalgrins yn Sweden - Foto: Omrop Fryslân

Op 5 desimber wurdt op it Babel Filmfestival op Sardinië de dokumintêre 'Kjeld yn 'e loft' fertoand, oer de Sámi yn it noarden fan Sweden. Spesjaal foar de fertoaning yn de Sardyske haadstêd Cagliari is de dokumintêre troch de organisaasje fan it festival foarsjoen fan ûndertitels yn it Italiaansk.

Babel Filmfestival

It twajierlikse Babel Filmfestival rjochtet him op films en dokumintêres yn minderheidstalen. It festival hat dit jier mei-inoar sân dokumintêres selektearre út Italië, Spanje, Frankryk en Fryslân. It is foar it earst dat it Babel Filmfestival in film of dokumintêre út Fryslân yn it programma opnommen hat. De fertoaning fan de dokumintêres is in kompetysje. Der kin sawol in sjuerypriis as in publykspriis wûn wurde. De beskikbere prizen wurde op sneon 7 desimber ferparte op in grutte galajûn.

Foar de rindierhâlderij is hieltiid minder romte yn Sweden, sizze de Sámi - Foto: Omrop Fryslân

Yn 'De grinzen fan Europa' ûndersocht FryslânDOK yn de moannen foar de Europeeske ferkiezingen hoe't trije útienrinnende Europeeske minderheden tsjin de Europeeske Uny oansjogge. FryslânDOK wie yn Plovdiv, Bulgarije te gast by de Roma: fierwei de grutste, mar ek de earmste minderheid fan Europa. 'Kjeld yn 'e loft' giet oer de Sámi yn Sweden. Sy binne minderheid yn eigen streek en sjogge hieltyd minder romte foar de eigen tradisjonele libbenswize mei rendieren.

Teloarstelling oer EU

De lêste ôflevering giet oer de Val d'Aran op de grins fan Frankryk en Spanje, in minderheid yn in minderheid. Dy lytse Araneeske minderheid is tagelyk iepen nei nijkommers én suksesfol yn it bewarjen en stimulearjen fan de eigen taal en kultuer. Yn alle trije ôfleveringen registrearre FryslânDOK mear teloarstelling oer de Europeeske Uny as entûsjasme. De Europeeske Uny fan no is der mear foar de lidsteaten as foar de boargers, sa is it gefoel.

De trije dokumintêres binne makke troch kameraman Jan Bensliman, sjoernalist Onno Falkena en regisseur Bark Kingma. 'De grinzen fan Europa' wurdt begjin 2020 op 'e nij troch Omrop Fryslân útstjoerd op NPO2 en by Omrop Fryslân sels.

De makkers fan 'Kjeld yn 'e loft' yn Sápmi, de Sámi-namme foar Laplân - Foto: Omrop Fryslân

Sjoch hjir de trije dielen fan 'De grinzen fan Europa' werom:

(advertinsje)
(advertinsje)