Fan kantoar ta kanvas: bokse foar it goeie doel 

29 nov 2019 - 14:53

Dyn broer en sus ferlieze op in leeftiid fan 17 ier, dat klapt der bot yn. Foar Trees wie it reden om mei te dwaan oan it goeie doel 'Knokken met je hart.' Ferskate minsken dy't nea yn in boksring stiene, wurde yn trije moannen tiid ta ôftrainde boksers makke. Op 13 desimber hâlde sy in benefytgala yn it WTC. It jild dat ynsammele wurdt giet nei bern mei in hertôfwiking.

Feroaring

De dielnimmers oan it projekt binne gewoanwei minsken mei in baan, mar traine sûnt septimber trije kear yn 'e wike. Sy wolle op 13 desimber fit wêze. Sa ek Jaap van der Meer, dy't meidocht om't hy sels eartiids ek yn hertôfwiking hie. "Ik wit der fansels net sa folle mear fan, want ik wie noch hiel lyts. Mar ik moast altyd op kontrôle yn it sikehûs. Dat hie ek folle ynfloed op myn âlden. Sy moasten eltse kear wer mei. Dat diene sy fansels altyd, mar dochs wie it wol efkes wat foar harren."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Broer en sus ferstoarn

Ek Trees docht om persoanlike redenen mei. "Ik verloor als 17-jarig meisje mijn zus," fertelt Trees wylst se mei har swarte boksmoffen nei in tsjinstanner úthellet. Letter kaam der noch mear ferlies by, want ek har broer ferstoar. Trees hat derom gjin momint twivele om mei te dwaan. "Ik heb me aangemeld, ben door de keuring gekomen en stond hier gelijk." De boksers binne troch in húsdokter ûndersocht om te sjen oft se fit genôch wiene om mei te dwaan. "Ikzelf ben gelukkig fit, maar dat is niet voor iedereen zo."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Inisjatyfnimmer

Mei sechtjin dielnimmers binne sy harren oan it tarieden foar it gala, dat oer minder as in moanne begjint. De wedstriden besteane út trije rûnten fan 1,5 minút. "Mar it giet net om winne of ferlieze hear," sizze Jaap en Trees beide. Bauke Lodewijk is inisjatyfnimmer fan it gehiel. Hy hat sels in bern mei in hertôfwiking en libbet mei de groep mei.

"Dat heeft alle invloed op je leven," seit Bauke emosjoneel. Hy traint no sels mei de groep mei mar yn tsjinstelling ta de oaren, bokst hy al langer. "Ik kan me niks ergers bedenken dan dat een doodziek kind hebt. Het neemt je hele leven over."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ik kan me niks ergers bedenken dan dat een doodziek kind hebt.

Bauke Lodewijk, inisjatyfnimmer

Oantinken

Luc, de soan fan Bauke, is no folslein fit, mar dat moast fan fier komme. Bauke hopet no foar te kommen dat oare bern krekt sa slim siik wurde as Luc. "Dat hoop ik met deze actie te bereiken. Dat we aandacht vragen voor deze ziekte, maar we hopen ook geld op te halen natuurlijk." Hy hat dan ek in boadskip foar alle dielnimmers en sjoggers fan it gala. "Wees je bewust wat er kan gebeuren met een pasgeboren kind, het is echt niet allemaal vanzelfsprekend."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de bokstraining

(advertinsje)
(advertinsje)