Blydskip en teloarstelling by bousektor oer rommere PFAS-noarm

29 nov 2019 - 10:56

De bousektor is optein, mar tagelyk ek teloarsteld oer de rommere PFAS-noarm dy't it ministearje fan Ynfrastruktuer tongersdei bekend makke hat. De noarm foar skealike gemyske stoffen yn de grûn wurdt soepeler fan 0,1 mikrogram gemyske stoffen nei 0,8 mikrogram. Dêrtroch soe trijekwart fan de bouprojekten dy't no stillizze, wer trochgean kinne.

Bouwend Nederland, de organisaasje foar bedriuwen yn de bou- en ynfrastruktuersektor, fynt it moai, mar de gedachte 'is dit no alles?' oerhearsket. "Ik ha der noch net echt sicht op wat der no allegear wer trochgean kin", seit Marten Cornel fan Bouwend Nederland, distrikt Fryslân. "Natuerlik, it jout romte en as brânsj binne we hiel bliid mei dizze maatregel. Dochs bliuwt de noarm oan de krappe kant. Ast neigiest, yn folkstúntsjes mei al 0,8 sitte, yn potgrûn is sinjalearre dat dêr 2 oant 3 yn sit. Dan tink ik: 'dit is wer sa'n Nederlânske maatregel', it is wer op it rântsje."

It skuorret

Yn België leit de noarm op 3 en yn Dútslân op 7 of 8, seit Cornel. Hy hie der dan ek graach noch wat by hân foar Nederlân. "Ik bin dochs bang dat der noch in soad plakken binne, dêr it wol skuorret." Bouwend Nederland hie de hoop dat it rjochting 2 of 2,5 gean soe. De organisaasje foar bedriuwen yn de bou- en ynfrastruktuersektor hat alle leden frege, om in oersjoch te meitsjen fan harren gegevens. Op dy wize kin besjen wurde wêr't problemen ûntsteane. Se hoopje dêr freed mear ynsicht yn te krijen.

Foar Bouwend Nederland is it in riedsel wêrom't de bou sa strang beoardiele wurdt. It grutste probleem is lykwols dat it sa lang duorre hat, seit Cornel. "We binne no hast 1 desimber en it spilet al fan juny ôf. We binne fiif moannen fierder en dan ha we de noarm in bytsje opskood fan 0,1 nei 0,8. No jonges, geweldich, hear. Dat binne wol dingen dêr''t we as brânsj teloarsteld yn binne."

Gefolgen al te sjen

Neffens Cornel binne de gefolgen fan de strange maatregel no al te sjen. "Fleksibele kontrakten wurde op dit momint net ferlinge, de fleksibele skil by bedriuwen is, seker yn de ynfrasektor, al fuort. It jout neat, it begjint wol te wringen." Neist de PFAS wrakselet de bousektor ek noch mei de stikstofkwestje. Cornel ferwachtet dat de foarsitter fan Bouwend Nederland dizze dagen wer kontakt opnimt mei Den Haag om it oer de problemen te hawwen.

Marten Cornel fan Bouwend Nederland, distrikt Fryslân

Boufakker - Foto: Shutterstock.com
(advertinsje)
(advertinsje)