Feestdagen soargje foar topdrokte by PostNL: "42.000 zendingen voor ons gebied"

29 nov 2019 - 09:51

De feestdagen komme der wer oan en dat betsjut topdrokte by besoarchtsjinst PostNL. It depot yn Ljouwert, ferantwurdlik foar alle Fryske pakketten, ferwurket der no alle dagen sa'n 40.000.

"Er zijn zo'n 42.000 zendingen voor ons gebied. Die zijn gisteravond door klanten aangeboden om te versturen en die zijn vannacht allemaal binnengekomen," fertelt depotmanager Marcel Flapper. It is op it stuit goed drok by it depot. "Normaal zitten we rond de 32.000 per dag. Dat is al een paar dagen zo. We zitten in de drukste periode van het jaar."

Dy drokte is yn it hiele lân werom te sjen. "Landelijk doen we normaal ongeveer 800.000 zendingen op een nacht, maar nu zitten we op ongeveer 1,5 miljoen", seit Flapper. "In november-december doen we ongeveer 50 miljoen zendingen."

Ekstra hantsjes

PostNL is al sûnt it begjin fan it jier oan it tarieden foar dizze perioade. "Je moet je voorstellen dat we zo'n 4.000 bezorgers onderweg hebben, dat zijn er dit jaar duizend meer. Dat betekent ook voor depot Leeuwarden dat we alle hens aan dek moeten hebben en dat we weer extra mensen en extra bussen hebben ingezet om deze periode goed door te komen", seit Flapper.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn it PostNL-depot yn Ljouwert

Ek besoarger Max Klaver fernimt dat der wer in soad pakketsjes ferstjoerd wurde. "Der geane hjoed sa'n 200 pakketsjes mei my mei, dat is best in protte. Do merkst dat de feestdagen no begjinne en dat wy rjochting 5 desimber gean."

"Eins altyd yn de desimberperioade wurd it drok, mar ik merk dat it elk jier wer wat drokker wurdt as it foargeande jier", fertelt Klaver. "It is dizze wike topdrokte foar myn gefoel, mar foarige wike merktest al dat it lichtlik begjint te stiigjen."

Besoarger Max Klaver

Trefwurden: 
Ljouwert PostNL Black Friday
(advertinsje)
(advertinsje)