FIDEO: Stroom helje út eb en floed

29 nov 2019 - 09:00

De Ofslútsyk is in ikoan fan de Nederlânske striid tsjin it wetter. Mar wetter is net allinne de fijân, it is ek in boarne fan enerzjy. Sa ûntwikkelen Youri Wentzel, Maarten Berkhout en Maurits Alberda fan it bedriuw SeaQurrent in ûnderwetterfleaner dy't stroom helje kin út it eb en floed. Op in ponton foar de kust fan de Ofslútdyk besykje sy dat no mei in prototype fan de 'TidalKite.'

Yn 2013 begûn it team fulltime oan de ûntwikkeling. It wie it begjin fan in lange reis. "Het gaat nu goed, we hebben investeerders en mensen beginnen te wennen aan het idee dat je stroom kan opwekken vanuit de eb en vloed. Maar dat is allemaal niet vanzelf gegaan", fertelt Youri Wentzel.

De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.

Trefwurden: 
Ofslútdyk TidalKite
(advertinsje)
(advertinsje)