Kollum: "Hoi, ik ben Ilse"

"'Hoi! Ik ben Ilse, 35 jaar en best handig, al zeg ik het zelf!' is de nijste supermerkmanager van de Appie Heijn en ik fyn dit typke noch ûnnoazeler as dy beuker fan de Jumbo. Ilse is dus 'best handig', mar wylst se mei in plopper yn de goatstien dwaande is, rint it wetter út it keukenkastke. 'Ik ben moeder, ik heb een kind, een kat en een vriend, Bart.' Bart aait de kat mei de elektryske toskeboarstel en dêrnei poetst er syn tosken mei dat ding. Echt sa grappich!
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Ilse fynt yoga hartstikke leuk en dus sjogge we har yn in hiele ûnhandige poaze. Se hat in auto dy't se net tusken twa oare auto's weikrijt en dan sil se fytse, mar de bân is lek. Se ferskjinnet kokhalzjend de hamster fan har soan en helpt har mem mei it keapjen fan klean. Mar dy liket ek net al te helder én se is blut, dus moat Ilse alles betelje. Ilse is ek sljocht op itensieden, mar makket altyd fierste folle. Op moandeis makket Bart it iten yn de foarm fan in pizza út de oven en sa managet Ilse de boel thús en op har wurk.
Wylst se dat seit, stroffelet se oer boartersguod, mar se hat wol de leukste baan fan Nederlân! Yn it nijste reklamefilmke fynt Ilse de hjerst hearlik en as se de blêden by elkoar harke hat, waaie dy drekt wer fuort. Fierder makket se noch in mislearre halloweenmasker fan in pompoen dêr't har jonkje net bliid mei is, giet se nei de kapper 'en daarna door naar voetbal', yn de spielende rein.
Doe knapte ik folslein ôf op dizze reklame, want hokker frommes giet no earst nei de kapper om dêrnei sûnder paraplu lâns it fuotbalfjild stean te gean? Ik ha jierren lâns de line stien en de iennichste reden om earst nei de kapper te gean, is neffens my in kreaze heit dêrt'st graach yndruk op meitsje wolst.
Dus ik stel foar dat se dit filmke op 'e nij opnimme en Ilse stikem in bêste beurt krijt fan dy kreaze heit, ûnder de dûs yn it klaaihokje en dat se by ûngelok op de knop fan de kraan drukt en heal smoart yn it wetter om dêrnei stroffeljend oer de skuon en klean troch it klaaihokje wer neist Bart te ferskinen, mei wiet hier en de broek noch op 'e knibbels.
Ik hie ôfrûne snein sels ek in Ilse-momint, mar dan folle better! Us allerleafste dochter woe te rinnen yn it bosk en wy fûnen it wol aardich om Timmy mei te nimmen. Hy hie noch net earder yn it bosk west, dus hy wie lekker entûsjast, fansels. Krekt foar't wy oan ús tocht begjinne soene, kamen der lju oan mei in lyts swart hûntsje. Dat fûn Timmy tige nijsgjirrich en op sokke mominten is er sterk, dus moast er efkes sitte oant sy foarby wiene.
Hy moat leare dat er net nei eltse hûn ta kin mar de iene kear slagget it better as de oare kear en dizze kear slagge it hielendal net. Foardat ik it wist, lei ik langút op it boskpaad en sleepte Timmy my mei nei it hûntsje. It wie bêst wol glêd mei al dy blêden yn 'e drek, dus hy hie der gjin wurk fan. Timmy is sa grut en sterk, mar yn syn hert in boartlik jong hûntsje fan noch gjin jier, mei in skofthichte fan 70 sintimeter.
'Hoi, ik ben Hilda, 48 jaar en best goed met honden, al zeg ik het zelf!' It hie sa yn de reklame kinnen en it wie net iens yn sêne set."