Persoan ferwûne rekke by bedriuwsûngelok mei heftruck by Sligro yn Drachten

By in bedriuwsûngelok mei in heftruck by Sligro yn Drachten is freedtemoarn betiid in man ferwûne rekke. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûningen mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs UMCG yn Grins.
© ProNews
De helptsjinsten waarden om 04.45 oere hinne alarmearre. Omdat der immen beknypt rekke wie, waard de brânwacht oproppen. Dy hoegde úteinlik net te kommen, omdat it slachtoffer al befrijd wie. Twa ambulânsen en de plysje kamen wol om help te ferlienen by it bedriuw op it yndustryterrein Azeven.
De plysje hat freedtemoarn ûndersyk dien. De Arbeidsynspeksje sil no ûndersyk dwaan nei it ûngelok.