't Woanskip jetzt auf Deutsch: "Wir machen 'ne Party"

29 nov 2019 - 06:00

Sjonger John Enter út Almelo hat in Dútske ferzje opnaam fan 't Woanskip. Dat nûmer is ferneamd wurden yn de ferzje fan Anneke Douma, mar it waard skreaun troch Anne van der Mark, dy't yn 1993 stoar. "Hy soe dit prachtich fine en hiel grutsk wêze", seit syn widdo Baukje.

"Nei de oarloch is it ûntstien as soart protestliet", fertelt Baukje van der Mark. No is de ferzje fan Anneke Douma it ferneamdst, mar John Enter hat no dus in Dútske ferzje. Dêryn sit gjin wenskip, want dy ha se yn Dútslân net. "Dêrom hjit it Party. Mar ik fyn it prachtich wurden, hiel moai."

Party en Houseboat

"Ik heb 't Woanskip altijd al een fantastisch nummer gevonden", seit Enter. "Dus ik dacht: waarom niet in het Duits, waarom niet in het Engels? Het is een prachtig nummer, het is af. In het Duits past 'Party' helemaal. En in het Engels wordt het 'I've got a houseboat down in the river', dat loopt ook prachtig."

It ôfrûne wykein hat Enter it nûmer al live spile by konserten. Freed sjongt er it yn de Dútske stêd Bremerhaven. "Dan zing ik 'm in het Engels en in het Duits. Dat is gewoon gezellig. De reacties zijn goed. Ze kennen het nog niet, maar het gaat vanzelf. Het heeft altijd even tijd nodig."

Ynternasjonaal

Baukje van der Mark fynt it prachtich dat it ferske fan har man sa de wrâld oer giet. "Sa wurdt it wat ynternasjonaal", seit se. "It is eins in evergreen wurden, krekt as Skûtsjesile en It Dokkumer Lokaeltsje. Dat it no ynternasjonaal wurdt, dat docht my goed. Ik hie wold dat Anne it noch meimeitsje koe, mar dat is helaas net sa."

Baukje van der Mark en John Enter

(advertinsje)
(advertinsje)