Krityk fan doarpen yn gemeente Ljouwert op evenemintebelied

It wie folle bak tongersdeitejûn yn it Ljouwerter Neushoorn by de gearkomste fan de gemeente oer it nije evenemintebelied. De gemeente woe fan ynwenners, ûndernimmers en organisatoaren fan festivals witte watfoar evenemintestêd Ljouwert wêze moat.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Der is in soad te dwaan om de festivals, sa as dy yn it Griene Stjergebiet. Mar opfallend genôch wiene it foaral de doarpen yn de gemeente Ljouwert dy't by de gearkomste fan harren hearre lieten.

Stedske arrogânsje

Sa as Jentsje de Groot fan de organisaasje fan it feest HY Nights yn Hilaard. Sûnt it doarp by de gemeente Ljouwert heart, is it der foar it festival net better op wurden. "We hawwe foarich jier in stevich petear mei de gemeente hân en troffen in amtnerkorps mei stedske arrogânsje. Sa fan: wy sille wol even fertelle hoe't it op de doarpen gebeure moat." De Groot hopet dat de gemeente tenei mear rekken hâldt mei dat der in ferskil is tusken doarp en stêd as it om eveneminten giet.
Jentsje de Groot fan de organisaasje fan it feest HY Nights yn Hilaard

Pisse en poept

Ek Grousters roerden harren by de jûn. Marianne de Rijke en Hariëtte Pool wenje yn it sintrum en de oerlêst fan de eveneminten yn harren doarp rint de lêste jierren de spuigatten út. "Se meitsje rotsoai, der wurdt pisse, poept en sekst. Der is net folle kontrôle", sa fertelt Hariëtte Pool. Ynkoarten is der in gearkomste mei de gemeente oer dizze oerlêst.
Marianne de Rijke en Hariëtte Pool út Grou

Ynsette op kwaliteit

Ien ding stiet fêst: der komme yn de gemeente net mear festivals of eveneminten, mar ek net minder, sa lit wethâlder Sjoerd Feitsma fan Kultuer witte. Hy wol ynsette op kwaliteit. "Ik fyn dat wy ús rjochtsje moatte op niches sa as it festival Into the Grave of wat mei literatuer. Dit lûkt minsken fan fier, dy't hjir mear jild útjouwe."
De trije festivals yn it Griene Stjergebiet kinne hjir neffens Feitsma gewoan bliuwe. Wol sil der sjoen wurde nei bettere sprieding fan oare eveneminten yn de stêd. "Hjirby falt te tinken oan it WTC-gebiet."
Kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert