Stroomsteuring yn Wytmarsum, Penjum, Surch en Kimswert

28 nov 2019 - 23:00

In stroomsteuring treft tongersdeitejûn Wytmarsum, Penjun, Surch en Kimswert. Neffens netbehearder Liander sitte sa'n 1.000 húshâlders dêrom sûnder stroom.

Foto: Omrop Fryslân

De steuring begûn krekt wat nei tsienen. Liander ferwachtet dat de steuring oant nei middernacht duorret. It is net dúdlik wat de oarsaak fan de steuring is.

Trefwurden: 
stroomsteuring Liander
(Advertinsje)
(Advertinsje)