Soargen oer ierdbevingen by nije gaswinning De Pein

28 nov 2019 - 22:22

Omwenners fan De Pein en omkriten binne benaud foar ierdbevingen as der nij gas wûn wurdt by De Pein. Der is in kâns fan 42 persint dat soks barre kin. Net akseptabel, sizze omwenners feriene yn de wurkgroep Tegen nieuwe gaswinning Smallingerland.

Neffens mynboubedriuw Vermilion en it ministearje fan Ekonomyske Saken falt it risiko ta. Yn it gebiet wurdt al jierren gas wûn. Vermilion wol der langer trochgean mei de gaswinning en in nije put slaan om in lyts gasfjild op in oare wize leech te heljen.

Kâns op ierdbevingen

De ynformaasjemerk yn it doarpshûs fan De Pein luts inkelde hûnderten belangstellenden. Sy koenen ynformaasje krije oer it eksakte wingebiet en de mooglike gefolgen.

Oebele Veenstra sit yn de wurkgroep. Hy makket him grutte soargen oer de konsekwinsjes fan de winning. Neffens him is der ek hielendal gjin needsaak om de fjilden oan te boarjen: "Der lizze noch genôch yn de Noardsee. Wêrom net earste dy leech lûke? Dan kinne je hjir earst goed ûndersyk dwaan nei wat de gefolgen binne hjir. Der is hjir in risiko."

Veenstra doelt op de ferhege kâns op ierdbevingen: "It SodM (Staatstoezicht op de Mijnen) stelt dat der 42 persint kâns op is. In beving kin dan in maks ha fan 2.8 op de skaal fan Richter. By 1.8 kin der al skea ûntstean oan huzen. En se helje it hjir ûnder ús wei."

Risiko falt ta

Mynboubedriuw Vermilion tinkt dat it tafalt. Wurdfierder Hidde Baas: "Het is een kans, dat wil dus niet zeggen dat het gaat gebeuren. Dat geldt ook voor de mogelijke zwaarte. We moeten een 'worst case'-scenario maken. Maar de risico's zijn klein. Mocht er wel wat gebeuren, dan zorgen wij dat we de afhandeling van de schade goed regelen."

Baas wurdt dêryn stipe troch it ministearje fan Ekonomyske Saken. Jan Rosch: "Het is niet uitgesloten. Nul procent risico bestaat niet. De risico's zijn dusdanig dat wij dit verantwoord achten."

Jan Rosch (ministearje) en Hidde Baas (Vermilion)

Gefaar foar stoart yn Drachten

In ynwenster fan Drachten is der net gerêst op: "Wij wonen tegenover de vuilstort. Daar zijn al eens lekkages geweest. Wat nu als er een aardbeving komt? Straks zien we de vissen door in het water drijven."

Sy sil dan ek mei bewenners fan de wyk Drachtster Feart en de Wylgen in sjenswize yntsjinje tsjin de ekstra winning fan gas. It ministearje sil de ynkommen sjenswizen beoardielje. As dy allegear ôfwiisd wurde kin Vermilion dit foarjier al begjinne mei de ekstra winning fan gas.

Ynwenners fan De Pein meitsje har soargen

(advertinsje)
(advertinsje)