Rjochtbank set streek troch stikstoffergunning 23 boeren

It kolleezje fan Deputearre Steaten mocht de beswieren tsjin de natuerfergunningen foar 23 boerebedriuwen net fan tafel feie, fynt de bestjoersrjochter fan de rjochtbank Noard-Nederlân.
© Shutterstock.com
Mei it ôfjaan fan de fergunningen joech de provinsje de boerebedriuwen tastimming foar stikstofdeposysje op Natura 2000-gebieten. De fergunningen wiene basearre op it Programma Aanpak Stikstof, it PAS.
De bestjoersrjochter oardiele dat Deputearre Steaten dat net dwaan mochten hiene en ferwiisde dêrby nei de útspraak fan de Ried fan Steat fan 29 maaie fan dit jier. Dêryn waard de regeling fan it PAS ôfsketten. De provinsje sil de fergunningsoanfragen op 'e nij besjen moatte.