Marrit en Hester Jasper yn foarseleksje olympysk kwalifikaasjetoernoai

Follybalbûnscoach Giovanni Caprara hat de sussen Marrit en Hester Jasper fan Snits opnommen yn de foarseleksje foar it olympysk kwalifikaasjetoernoai (OKT), dat yn jannewaris yn Apeldoorn holden wurdt. De twa steane op in list fan 24 spylsters, dêr't fjirtjin fan oerbliuwe.
Marrit Jasper en Hester Jasper © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
De follybalfroulju komme op 27 desimber by-elkoar op sportkompleks Papendal. Dêr set de tarieding op it OKT útein. Dêrnei spylje se trije oefenwedstriden tsjin Dútslân.
Nederlân begjint it OKT op 7 jannewaris yn Apeldoorn tsjin Azerbeidzjan. Dêrnei spilet Nederlân ek pûlwedstriden tsjin Bulgarije en Poalen. De bêste twa lannen pleatse har foar de heale finale. Allinnich de winner fan it OKT giet nei de Olympyske Spelen fan Tokio.