Ljouwerter acht wiken de sel yn om riden ûnder ynfloed

28 nov 2019 - 21:12

In Ljouwerter fan 37 jier dy't dit jier twa kear trappearre waard op it riden ûnder ynfloed fan drank en drugs moat acht wiken de sel yn. Yn febrewaris en yn septimber siet er efter it stjoer op mominten dat it net mocht. Boppedat siet er yn syn proeftiid.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dêrom moat er ek noch twa finzenisstraffen fan in wike útsitte. Dy hie er noch ûnder betingst stean. De Ljouwerter hat gjin rydbewiis en dy hat er ek noait hân. Dat wie net nedich, sei er: "Ik kan goed rijden, dan denk je: zo'n rijbewijs is niet echt belangrijk."

Speed, kokaïne, xtc, ghb en drank

De man waard yn febrewaris oanholden yn Drachten. Dêr die bliken dat er ûnder ynfloed fan speed, kokaïne, xtc en ghb yn de auto stapt wie. Yn septimber rûn er yn Ljouwert tsjin 'e lampe. Dy kear hie er te folle dronken. Yn beide gefallen naam de plysje de auto yn beslach.

De rjochter hat bepaald dat de man beide auto's net werom krijt. De man mei 20 moannen net ride. De Ljouwerter sit al fêst foar in oare saak. Hy seit dat er help socht hat foar syn gebrûk fan middelen.

(advertinsje)
(advertinsje)