Luna en har famylje wiis mei lyts stapke fierder yn Noardseesykte

28 nov 2019 - 20:45

It nijs dat der ûntwikkelingen binne yn it ûndersyk nei de seldsume Noardseesykte liedt ta blydskip en hoop by de âlden fan Luna. Dat der nei lang wachtsjen in lytse trochbraak yn it ûndersyk komt, dêr binne se "o sa wiis mei", seit frou Wassenaar.

Mem Renske Wassenaar sette trije jier lyn útein mei de stifting Noordzeeziekte om jild yn te sammeljen foar ûndersyk. En no is der dus ris goed nijs. "Ik bin gewoan hiel grutsk op myn dochter", seit se. "Se is myn grutste held."

Se bewûnderet Luna: "Hoe't sy yn it libben stiet, wat se foar de fuotten krigen hat, hoe't se no is en wat se docht, hoe fleurich oft se altyd is, hoe't se altyd relativearret: ik gun elke folwoeksene ek sa'n mindset."

Renske Wassenaar

Luna Wassenaar - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Luna sels baalt fansels fan har oandwaning, mar sjocht it posityf yn: "Aan de ene kant is het wel stom, maar aan de andere kant vind ik het ook wel weer leuk, want ik ben niet zo als anderen. Maar het stomste vind ik dat ik niet kan lopen."

Luna Wassenaar

(advertinsje)
(advertinsje)