Frije ynskriuwing Fytsalvestêdetocht 2020 set snein útein

28 nov 2019 - 20:32

De frije ynskriuwing foar de Fytsalvestêdetocht set snein 1 desimber útein. Fytsers kinne harren ynskriuwe yn de perioade fan 1 oant en mei 15 desimber. It is dus net nedich om je direkt op 1 desimber yn te skriuwen.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It kin gebeure dat der by in te grutte belangstelling op in pykmomint wat fertraging ûntstiet yn de ôfwikkeling fan de ynskriuwing. De organisaasje jout oan dat je it dan lykwols noch in kear besykje kinne. Wa't meidwaan wol, hat twa wiken de tiid om yn te skriuwen. Foar de lotting makket it neat út wannear't der ynskreaun is.

De frije ynskriuwing is foar elkenien. Wa't de Fytsalvestêdetocht al mear as fiif kear fytst hat én yn de ôfrûne fjouwer jier ek minimaal ien kear, koe earder al ynskriuwe mei de foarynskriuwing. Wa't dat noch net dien hat, kin gebrûk meitsje fan de frije ynskriuwing en dus de lotting. Dy krije dan allinnich gjin foarrang mear.

(advertinsje)
(advertinsje)