CU stelt fragen, no't Vitens gjin dividint útkeart oan provinsje Fryslân

29 nov 2019 - 07:55

ChristenUnie wol opheldering fan de provinsje oer it net útkearen fan dividint troch Vitens. It drinkwetterbedriuw keart gjin dividint út oer it boekjier 2019. It is de earste kear dat Vitens gjin dividint útkeart, mar de provinsje hie wol op dy ynkomsten rekkene by it meitsjen fan de begrutting. ChristenUnie Fryslân hat dêr fragen oer om't de provinsje oandielhâlder is.

Foto: Omrop Fryslân

De reden om gjin dividint út te kearen is de útjeften dy't it drinkwetterbedriuw de kommende tiid dwaan sil. Troch de tanimmende fraach nei wetter moat Vitens flink ynvestearje. Alde wetterliedingen moatte ferfongen wurde en der moat nije kapasiteit byboud wurde.

Hoe komt it mei it tekoart?

De ChristenUnie begrypt dat der in ynvestearringsopjefte leit, mar hat ek fragen. Hoe komt it mei de 6,5 ton, dy't de provinsje krije soe fan Vitens? "Der komt in gat yn de begrutting fan 2019", seit Wiebo de Vries, fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie. "Hoe meitsje we dat gat ticht?", freget hy him ôf. No Vitens oer 2019 gjin dividint útbetellet, wol de partij graach witte wat de yngreep fan Vitens foar de jierren dêrnei betsjut.

Neist provinsje Fryslân binne yn de provinsje de gemeenten Súdwest-Fryslân en Tytsjerksteradiel oandielhâlder. It giet by de gemeenten om lytse útkearingsbedraggen fan om de 700 euro hinne.

Wiebo de Vries, fraksjefoarsitter fan ChristenUnie Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)