Kustwacht hâldt op mei sykjen nei fermiste fiskkotter

28 nov 2019 - 19:44

De sykaksje nei de twa opfarrenden fan de Urker fiskkotter UK165 Lummetje is tongersdei stillein. De fiskersboat ferstjoerde tongersdeitemoarn in needsinjaal. De hiele dei hat de Kustwacht op de Noardsee by Teksel oan it sykjen west. Doe't it tsjuster waard, binne se dêrmei opholden.

Foto: Kustwacht Nederland

De Kustwacht socht mei helikopters en in fleantúch en de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij (KNRM) holp mei de rêdingsboaten. De twa opfarrenden, manlju fan 27 en 41 jier út Urk, binne net fûn.

"Door de hoge golven en stroming kon donderdag niet gedoken worden naar het wrak dat in de ochtend al was gelokaliseerd", seit de Kustwacht.

Net wer sa'n sykaksje

Der komt freed net wer sa'n grutte sykaksje. "Het is wachten op rustiger weer, zodat dit veilig kan. De betrokken diensten bereiden zich hierop voor, zodat ze direct in actie kunnen komen. Naar verwachting is dat dit weekend."

Yn de tuskentiid kinne oare belutsen skippen en fiskkotters wol trochgean mei sykjen. "Vanuit het Kustwachtcentrum zal dit worden gecoördineerd om de veiligheid te waarborgen."

(advertinsje)
(advertinsje)