Tekening Jopie Huisman bringt op feiling in rekôrbedrach op

28 nov 2019 - 19:10

In tekening fan in pear âlde wurkskuon, makke troch Jopie Huisman, hat op in feiling yn Drylts in rekôrbedrach fan hast 30.000 euro opsmiten.

De feilde tekening fan Jopie Huisman - Foto: Feilinghûs Ald Fryslân

It giet om in tekening dy't de keunstner skonk oan in freondinne. Dy fûn it neffens feilinghûs Ald Fryslân no tiid dat in oar derfan genietsje kin.

By de feiling waard ek in lyts lânskipke dat Jopie makke mei mingde techniken te keap oanbean. Dat brocht 7.600 euro op.

Neffens it feilinghûs wie it opfallend dat alle bieders op de feiling fan bûten Fryslân kamen.

(advertinsje)
(advertinsje)