Hearrenfean mist Ejuke en Kongolo tsjin Vitesse

28 nov 2019 - 19:01

Sportklup Hearrenfean mist sa goed as wis Chidera Ejuke en Rodney Kongolo foar de wedstriid fan freed tsjin Vitesse. Beide spilers binne siik en Hearrenfean-trainer Johnny Jansen seit dat de kâns hiel lyts is dat se spylje. Oer syn ferfangers wol Jansen neat kwyt.

De kâns is lykwols grut dat Jordy Bruijn spilet op de linksbûtenposysje fan Ejuke op en Alen Halilovic it plak op it middenfjild foar Kongolo ynfollet. Halilovic foel snein goed yn tsjin PSV. "Zeker. En het fijne is dat Halilovic een pass heeft waarmee hij spelers kan vrijspelen in het zestienmetergebied", seit Jansen.

De fraach is lykwols oft Halilovic en Veerman op it middenfjild spylje kinne sûnder in balôfpakker lykas Kongolo. "De kans is wel groot dat we dat gaan doen. We hebben een hoop goede middenvelders. Kongolo zit misschien wel bij de selectie, maar de kans dat ie speelt is heel erg klein."

Lucas Woudenberg sil wer net yn de basis starte. Hy begûn dit seizoen as linksback yn de basis, mar de lêste fjouwer wedstriden stiet hy derneist. Floranus ferhuze nei de linkerkant en Van Rhijn spilet rjochtsback. Woudenberg: "Ik ben het daar duidelijk niet mee eens. De trainer en ik zitten ook niet op één lijn wat dat betreft. Dat kan en dat mag. Maar ik baal er wel van."

Under Jurgen Streppel rekke Woudenberg syn basisplak ek alris kwyt. "Maar toen snapte ik het wel. Nu niet. De trainer vindt dat ik een stapje moet maken en daar ben ik het ook mee eens. Maar ik vind het wel onterecht dat ik niet speel."

Fermoedlike opstelling: Hahn; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Faik, Veerman, Halilovic; Van Bergen, Odgaard en Bruijn.

(advertinsje)
(advertinsje)