Raquel García Hermida-van der Walle foarsitter D66 Fryslân

Raquel García Hermida-van der Walle wurdt de nije foarsitter fan D66 Fryslân. De leden ha har keazen as baas fan it regiobestjoer.
Raquel García Hermida-van der Walle © D66
"Om de potentie van Fryslân voor het sociaal-liberale gedachtegoed en onze partij maximaal te kunnen benutten, hebben we een daadkrachtig bestuur aan het roer van een levende vereniging nodig", sei García as motivaasje om te sollisitearjen foar de funksje fan foarsitter. Sy sil har ûnder oare dwaande hâlde mei de tariedingen op de Twadde Keamerferkiezingen, dy't neffens de planning yn 2021 holden wurde.
García waard 36 jier lyn berne yn Madrid en wennet sûnt 2012 op 'e Gordyk. Earder dit jier stie se as achtste op de D66-list foar de Europeeske ferkiezingen. Yn juny wûn García in ynspiraasjepriis ferneamd nei Els Borst. De priis is fan in netwurk dat him ynset foar mear diversiteit yn de polityk.