25 slachte guozzen fûn yn de Ryptsjerksterpolder
Yn de Ryptsjerksterpolder by Ryptsjerk binne sa'n 25 slachte kolguozzen fûn. In meiwurker fan de gemeente Tytsjerksteradiel fûn de ôfmakke guozzen. De boarststikken wiene út de guozzen snien. De plysje ûndersiket de saak en soe graach yn kontakt komme mei tsjûgen.