Mytysk symboal as finish Alvestêdetocht: krúske oer de Bonkefeart
Op de Bonkefeart by Ljouwert stiet sûnt tongersdeitemiddei in bôge yn de foarm fan in Alvestêdekrúske. Riders fan de Alvestêdetocht finishe tenei by dy bôge. Foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening wie derby: "Dit finishplak fertsjinnet wat moaiers as sa'n lyts pealtsje dat we altyd hiene."
"It is in histoarysk plak", seit Wieling. "En it wurdt allinnich mar grutter en mytysker. Omdat it al sa lang duorret, is dizze dei ek in echte reüny. En ek al duorret it noch sa lang, elkenien set noch altyd de skouders derûnder. Dat makket my grutsk."
De lêste Alvestêdetocht is yntusken 23 winters lyn, op 4 jannewaris 1997. Mar elkenien leaut der noch hieltyd yn dat er nochris komt. Wieling: "We binne der elk jier klear foar op 1 desimber. Want we moatte it nochris meimeitsje. Dat soe geweldich wêze foar alle leden, mar eins foar it hiele lân."
Ald-rayonhaad Johan Tigchelaar is ek grutsk mei it nije keunstwurk. "Sjochst benammen de spegeling yn it wetter as it ljocht oan is. Benammen as it tsjuster is, sjochst hoe moai it is."
Poarte nei de stêd
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert wie by de iepening. Hy hat yn 1986 de Alvestêdetocht riden, mar dat sil er as boargemaster net dwaan. "Nei 1986 ha ik sein: it is tiid foar de jongere generaasje, dy moat him ek ride kinne." Hy is tige wiis mei de bôge. "It is echt in symboal, in poarte nei de stêd."
De finishbôge is in idee en ûntwerp fan keunstnersduo Saskia Hoogendoorn en Lieuwe Martijn Wijnands. It idee is ynbrocht by de Alvestêdeferiening troch Martijn van Koningsveld en Marlies Sandee.