Hurdlearske Jouster rydt trije kear ûnder ynfloed fan speed

In Jouster (34) is oant trije kear ta ûnder ynfloed fan drugs efter it stjoer krûpt. De man waard tongersdei troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf, in rydûntsizzing en in finzenisstraf ûnder betingst.
© Omrop Fryslân
Fan 1 april ôf hat de Jouster trije kear efter it stjoer sitten mei speed op. Eltse kear as de plysje him kontrolearre, wie hy ûnder ynfloed. Sels nei't syn rydbewiis ôfnommen wie, is de Jouster dochs wer yn de auto stapt.
De man sei tsjin de rjochter dat hy yn dy perioaden relasjonele problemen hie. "Ik was niet helemaal mezelf," sei hy. Om't hy zzp'er is moast hy wol trochgean, troch speed te snuven koe hy it min ofte mear folhâlde, sa sei er. De relaasje is yntusken út en hy is nei eigen sizzen hielendal opholden mei de drugs.
In boete wie neffens de offisier fan justysje net oan de oarder. Hy easke in wurkstraf fan 80 oeren, twa wiken sel ûnder betingst en in rydûntsizzing fan in jier mei in jier ûnder betingst. De rjochter naam de eask folslein oer.