Foararrest fertochte (29) stekpartij De Westereen maksimaal ferlinge

De 29-jierrige man, dy't op 11 novimber nei de stekpartij op it stasjon fan De Westereen oanhâlden waard, bliuwt njoggentich dagen langer fêstsitten. De rjochter hat it foararrest fan de man mei de maksimale termyn ferlinge.
© Kappers Media
De man waard op 11 novimber oanhâlden troch de plysje. Om njoggen oere moarns hinne soe hy in frou stutsen hawwe. Sy is dêrnei mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs oerbrocht.

Maksimaal ferlinge

Inkelde dagen letter besleat de rjochter de man al twa wiken langer fêst te hâlden. Dat is no nochris mei de maksimale termyn fan njoggentich dagen ferlinge.
De oarsaak fan de stekpartij leit yn de relasjonele sfear. As it foararrest fan de fertochte ôfrûn is, komt der nei alle gedachten earst in iepenbiere pro-formasitting.