Danny Kampstra giet ynternet oer mei wrâldgoal

It is in prachtich doelpunt nei in geweldige rush. Danny Kampstra fan Sint-Anne makke dy ôfrûne snein yn de wedstriid tsjin LVV Friesland. It doelpunt is viral gien op social media. Dêr't it oars bliuwt by wat oanhingers fan de klup VV St-Anna binne der al mear as 3 miljoen minsken oer de hiele wrâld dy't it doelpunt besjoen hawwe.
Danny goes viral
It doelpunt falt nei in lange rush fan Kampstra. Hy passearret ferskate spilers en úteinlik ek de keeper. Jordy Miedema, dy't al de mediasaken foar St-Anna docht, sette it doelpunt op Instagram en doe wie der gjin hâlden mear oan. Jordy hat him ek nei proffuotballers en -klups stjoerd. Justin Kluivert fan AS Roma hat der op reagearre. Hy fûn it in moai doelpunt.

St-Anna oan kop

Foar Danny, dy't sels gjin Instagram hat, is it in folsleine ferrassing dat it doelpunt sa oer de wrâld giet. Eins fynt er it bizar. De ympakt fan social media is tige grut, fernimt er.
De fuotballer is dwaande oan syn earste seizoen by VV St-Anna. Hjirfoar spile er by ONS Snits. No dus yn it earste fan St-Anna en dat giet al goed. It earste stiet boppe-oan yn de tredde klasse. Se hoopje kampioen te wurden. Danny hat dêr ek syn ynfloed op.
Danny Kampstra en Jordy Miedema oer de goal:
Alle wedstriden wurde filme en somtiden wurdt wat op Instagram set. It moaie fan it ferhaal is dat Jordy pas de folgjende deis troch hie dat it sa'n moai doelpunt wie. Doe't Danny de goal makke, pakte er krekt earne in bal wei en seach net watfoar goal it wie. Doe't hy it op de film seach, tocht er: "Hjir kin ik wol efkes wat mei dwaan." En doe gie it los.

Cambuur of Hearrenfean?

Oft it foar Danny ek gefolgen hawwe sil, dat wit er net. Der binne noch gjin grutte oanbiedingen. Jordy tinkt dat se de nije spiler noch wol oant de winterstop hâlde kinne. Der is eins mar ien klup dêr't VV St-Anna mei ûnderhannelje wol: SC Hearrenfean.
Foar Danny is dat lykwols gjin opsje. Hy is supporter fan Cambuur. De kâns is dus grut dat Danny Kampstra en St-Anna tegearre it seizoen wol ôfmeitsje sille.