Laura Dekker iepenet lokaal en krijt help fan Maritime Akademy yn Harns

28 nov 2019 - 16:49

Yn Harns is de iepening fan in nij technyklokaal fan de Maritieme Academie opfleure troch 'sylfamke' Laura Dekker. De 24-jierrige sylster waard yn 2009 wrâldnijs doe't sy allinne de wrâld omfear. Op 21 jannewaris 2012 berikte sy de haven fan Sint Maarten en wie har reis nei 27.000 seemilen slagge.

Laura Dekker - Foto: Laura Dekker

Dekker hopet ek dat de Maritieme Academie wat werom dwaan wol foar har: oparbeidzje yn it meitsjen fan in skip.

"Het was heel erg leuk, ik voel me er op mijn gemak," fertelt Laura Dekker oer har besite yn Harns. "Ik had de eer om vandaag het nieuwe technieklokaal te openen."

Sy hat in nij plan: mei jongerein sile. "Niet zozeer om hen het zeilen te leren, maar meer om lifeskills zoals teamwork en communicatie te leren. Het gaat om 13 tot 17 jarigen," seit Dekker. Dy skills binne neffens har wichtich op it wetter. "Je komt jezelf gewoon tegen, maar als je daar doorheen gaat, dan geeft dat een mooi gevoel. En je leert er van. Mijn reis was iets heel erg bijzonders. Ik kijk nog altijd met verbazing naar hoe belangrijk het was voor mijn leven. Het helpt me nog zo."

Wurdearring

Wat hat sy dan leard ûnderweis? "Van al die mensen en culturen die ik onderweg heb gezien. Ik heb aan boord ook geleerd om blij te zijn en de dingen die ik aan boord had te waarderen. Heel simpel, geen douche of koelkast. Aan het begin was dat lastig, maar nu ben ik er blij mee. Ik vind het nog steeds geweldig als ik onder een warme douche kan staan. Voor de meeste mensen is het normaal, maar ik kan het extra waarderen."

Oanbod fan Harns

Foar it silen mei jongerein moat der wol in skip komme. "Het moet een schip van 24 meter lang worden, sterk en zeewaardig. Daar zoeken we nu sponsoren voor en we proberen alles op poten te zetten." Dêr kin de akademy yn Harns neffens Dekker wol by helpe, de akademy hat in oanbod dien. "Ik zou het leuk vinden om het als project met studenten op te zetten, omdat we ook met de jeugd gaan jaren. We zouden het proces samen kunnen doen. Ik ga er vanuit dat het wel zo'n 2-3 jaar kost om het schip te bouwen."

Laura Dekker oer har besite oan Maritime Akademy Harns

De Maritieme Academie Harlingen yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(advertinsje)
(advertinsje)