Earste flecht F-35: "Seis desibel lûder as trochsneed F-16"

28 nov 2019 - 16:39

Ynwenners fan Marsum hawwe de earste testflecht fan de F-35 fuortendaliks opmurken. It nije tastel makke sûnder oankundiging in earste echte flecht fan de fleanbasis yn Ljouwert. Omwenners sizze dat it hurde en benammen ek swierdere lûd harren fuortendaliks opfoel.

"De F-16 koe der ek wat fan", seit Geert Verf fan Marsum. Mar hy fernimt no wol in ferskil: "De pyk fan it lûdsnivo is heger, mar ek breder. Dus hearst it tastel earder oankommen en dat bliuwt ek langer trochsetten. En it is ek swierder, dus fernimst dat it mear troch it hûs hinne komt."

It wie net oankundige dat de F-35 de loft yn soe. "Dat fyn ik eins wol moai", seit Verf. "Dit is de bêste 'belevingsvlucht' dy'tst mar ha kinst. Dit wie in moaie test."

Mjittingen toane oan: mear desibel

Der is in lûdsmjitnet dy't yn de gaten hâldt hoefolle leven oft de F-35's meitsje. "De mjitting by it doarpshûs seit dat dizze F-35 seis desibel lûder wie as de trochsneed F-16. It ferskil by de lâning wie heger, sa'n santjin desibel. Mar dat wisten we ek. Oer de start meitsje we ús gjin soargen. De lâning wurdt in grutte útdaging, benammen foar Jelsum, Koarnjum en Marsum."

Geert Verf oer de earste flecht fan de F-35

(advertinsje)
(advertinsje)