HEA! Byzantynsk sjonge mei Georgyske ynfloeden
It Byzantynsk Mannekoar fan Drachten bestiet 15 jier. It repertoire bestiet út mearstimmich a capella songen Russysk-Ortodokske tsjerkemuzyk. It koar bestiet benammen út wat âldere hearen. De diriginte dêrfoaroer is de folle jongere Georgyske Nana Tchikhinashvili. Hoewol't de diriginte bêst strang is, wolle de mannen har net graach kwyt.