Gebiet foar kij en ponnys op Skylge wurdt útwreide

28 nov 2019 - 15:53

It gebiet yn de dunen fan Skylge, dêr't op dit stuit kij en ponnys weidzje, sil takom jier útwreide wurde. Steatsboskbehear wol it gebiet by West oan See grutter meitsje, om de stikstofeffekten werom te bringen.

Foto: Simone Scheffer

Op dit stuit is it gebiet 140 bunder grut, mar dy oerflakte wurdt fertrijefâldige. Der kinne dan ek mear bisten weide wurde. Sa komme der mear bysûndere Galloway-kij en Exmoor-ponnys, dy't it dúngebiet op natuerlike wize ûnderhâlde.

It wurk by West oan See moat takom jier yn de simmer klear wêze.

Foto: Steatsboskbehear
(advertinsje)
(advertinsje)