Henk de Jong beleannet Mitchel Paulissen mei basisplak by Cambuur

28 nov 2019 - 15:48

Mitchel Paulissen begjint freed yn de thúswedstriid tsjin Jong AZ yn de basis. De oanfaller, ôfkomstich fan Roda JC, moast it oant no ta dwaan mei ynfalbeurten. Ferline wike spile Paulissen de twadde helte tsjin FC Eindhoven en dat die hy goed. Sa skoarde er de 3-0.

Dy goal waard ek noch útkeazen ta goal fan de wike. Paulissen fynt dat wol in moaie ûnderskieding, mar relativearret de útferkiezing ek. "Belangrijkste is dat er een goal wordt gemaakt. Een intikker telt ook. En zo'n mooie goal telt ook maar voor één. Maar ik vind het wel leuk."

Paulissen nimt it basisplak oer fan Ragnar Oratmangoen. It is foar it earst dat Paulissen oan de ôftraap stiet. "Een beloning van geduld en positiviteit? Ja, zo kun je het wel noemen."

"Hy fertsjinnet it ek"

Trainer Henk de Jong koe noch net offisjeel befêstigje dat Paulissen yn de basis begjint. Hy moast tongersdei de spilers noch ynljochtsje. Mar syn reaksje wie dúdlik: "De kâns dat hy begjint is grut. Hy wie goed tsjin Eindhoven. En hy fertsjinnet it ek. It is in goede gast."

Jong AZ wûn moandei fan De Graafschap en dêrtroch stiet SC Cambuur no allinnich op it earste plak. Foar trainer Henk de Jong efkes in moai momint, mar fierder net. "Ik kaam thús fan in wedstriid fan de beloften en doe seach ik it. Dat is fansels wol moai, mar wy moatte nei ússels sjen. Sa'n oerwinning fan Jong AZ moat foar ús in 'wake up call' wêze."

"As wy sels hieltyd trije punten pakke, dan rinne we út. Wy moatte no trochpakke. It soe geweldich wêze as wy winne fan Jong AZ. En it moat kinne neffens my."

Jacobs noch net fit

By Cambuur kin Jamie Jacobs noch net spylje. Hy hat noch te folle hinder fan in ljiskblessuere. Neffens Henk de Jong kin de middenfjilder takom wike wer ynset wurde.

Opstelling Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosh, Schouten, Sambissa; Akoy, Maulun, Hoedemakers; Kallon, Mühren, Paulissen.

SC Cambuur - FC Eindhoven is freedtejûn live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. Ferslachjouwer Geert van Tuinen docht ferslach út it Cambuurstadion wei. De wedstriid begjint om 20.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)