UPDATE: Brân yn wenbuorkerij Feankleaster is ûnder kontrôle

De brânwacht hat de brân yn in wenbuorkerij yn Feankleaster ûnder kontrôle. De nok fan dy wenbuorkerij stie tongersdeitemiddei yn 'e brân. It is net dúdlik wêrtroch't de brân ûntstien is. Der wiene gjin minsken mear yn it hûs.
© De Vries Media
Nei in goed healoere hie de brânwacht de brân ûnder kontrôle. De brânwachtploegen fan Kollum, Bûtenpost en Dokkum ha meiholpen by it bestriden fan de brân.
De brânwacht hat in diel fan it plafond sloopt om by de brânkearn te kommen.