Fetsje krijt trouring nei 35 jier werom: dei mei in gouden rântsje

28 nov 2019 - 15:34

It wie begjin jierren tachtich dat Hendrik Eppinga op de buorkerij yn Nijemardum syn trouring ferlear. Der is doe flink om socht, mar de ring is net mear fûn. Alteast, oant trije moanne lyn. Doe fûn Hendrik Rienstra by it ferfangen fan de trampoline yn syn tún ynienen de trouring werom. Hy besleat de ring werom te bringen nei Fetsje, de widdo fan Hendrik Eppinga.

It wie ôfrûne simmer doe't in skoansoan fan Hendrik Rienstra troch harren âlde trampoline hinne sakke. "Der moast in nij kleed op, dus is de âlde der ôf helle en de rotsoai ûnder de yngroeven trampoline oprêden. Der sieten stikels ûnder, en mei de woartels skuorde ik in ring omheech. Dy hawwe wy skjinmakke en yn soadawetter setten," fertelt Rienstra.

Bysûndere fynst

Doe kaam der in gouden trouring foar it ljocht, dêr't de namme 'Fetsje' en de datum '28-11-1969' yn stiene. "Dan tinkst: wêr komt dy ring wei, wat in bysûndere fynst." Rienstra wist dat der in Fetsje Eppinga yn Nijemardum wennet, mar hy wie der net wis fan oft it har wêze koe. "Doe hawwe wy mei har skoansus belle, en sy koe de troudatum befêstigje." De widdo fan de âlde eigener wie dus fûn.

De trouring fan Hendrik is werom by dy fan Fetsje - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Rienstra betocht lykwols dat it pear eins dit jier fyftich jier troud wêze soe. "Ik tocht: hoe bysûnder soe it wêze om op dy dei de ring werom te bringen. Dat dogge wy."

Grutte ferrassing

Tongersdei stie der dus ynienen in ploech minsken by Fetsje Eppinga foar de doar. "No dat wie in ferrassing. Ik tink: wat moatte dy minsken hjir, en der stiet in auto fan Omrop Fryslân. Ik begryp it net." Mar doe waard de ring werom jûn.

Dierber

"In dierber oantinken komt boppe, je geane efkes fyftich jier werom en dy dei hat dochs hiel bysûnder yn je libben west, en dat bliuwt it ek. En no mei dizze ring derby, dat hie ik nea tocht," seit Fetsje. Sy fertelt dat de ring om 1984-1985 hinne weirekke is. "Op de pleats. Ik wit noch dat myn man op jûntiid ûnder de dûs stie en sei: 'Ik mis wat, myn ring is fuort.' Doe is it sykjen begûn en dat is eins altyd trochgien. Sels myn soan is noch wolris oan it sykjen op de pleats."

"Wa hie dat tocht!"

It docht Fetsje in soad. "Wa hie dat tocht! En hoe soe it kinne? Miskien is de ring mei it skjinmeitsjen fan de jarretank yn de grûn bedarre." Frou Eppinga kin de ring fan har man net mear om. "Syn ring wie grutter. Mar ik sil 'm goed bewarje. Der is in nije meitsje litten, dêr sil ik him by bewarje."

Hendrik en Fetsje oer de fynst fan de trouring

Trefwurden: 
fynst Nijemardum trouring
(advertinsje)
(advertinsje)