Auto rydt fan de dyk op klaverblêd by It Hearrenfean

Op it klaverblêd by It Hearrenfean is tongersdeitemiddei in automobilist fan de dyk rekke. Hoe't dat krekt barre koe, is net bekend. De auto kaam yn 'e berm ta stilstân.
© Dennis Stoelwinder
It ûngelok fûn plak op de ferbiningsdyk fan de A32 nei de A7, yn 'e rjochting fan De Jouwer. Rykswettersteat hat de dyk in skoftke ôfsletten, wylst de auto fuortsleept waard.