Rykswettersteat wit noch net wêrom't brêge Ofslútdyk net ticht woe

28 nov 2019 - 15:00

It is noch hieltyd net dúdlik wat de oarsaak wie fan de steuring yn de brêge fan de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Dat meldt Rykswettersteat. Woansdei hie it ferkear dêr lang lêst fan fertraging. De noardlike brêge stie iepen, en woe net mear ticht.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

It ferkear waard woansdei omlaat troch de Flevopolder, en koe letter oer de súdlike brêge ride. Yn de nacht wie de steuring foarby en koe it ferkear wer oer de Ofslútdyk.

Tongersdeitejûn geane monteurs fan Rykswettersteat opnij nei de brêge, om te testen oft alles yn oarder is. Dat sil pas nei de jûnsspits wêze, seit in wurdfierder fan Rykswettersteat, sadat it ferkear der sa min mooglik lêst fan hat.

It is net de earste kear dat de brêge in steuring hie.

(advertinsje)
(advertinsje)