"Ien kear yn 'e moanne fergees nei it museum"

Museums binne tenei yn Fryslân ien dei de moanne fergees iepen. Alteast, as it oan de Steatefraksjes fan de PvdA, GrienLinks en D66 leit. "Minsken dy't oars net nei it museum geane, bygelyks omdat de kaartsjes te djoer binne, kinne dan ek yn de kunde komme mei alle moaie keunst en kulturele aktiviteiten", sizze de partijen.
Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Earder al kaam de Twadde Keamer mei it plan om út te sykjen oft alle Ryksmuseums ien dei de moanne fergees tagonklik wurde kinne.
De trije partijen hoopje dúdlikheid te krijen foar jannewaris 2020, want dan wurde de nije kultuerplannen behannele yn de Steaten. PvdA, GrienLinks en D66 wolle fan deputearre Sietske Poepjes witte wat sy fan it útstel fynt.
"De provinsje seit dat noch mear minsken genietsje kinne moatte fan ús keunst en kultuer. Lit ús dan begjinne se yn de kunde te bringen mei ús museums", sizze de partijen.