Katoententoanstelling Fries Museum takom jier yn Londen te sjen

28 nov 2019 - 14:24

In tentoanstelling fan it Fries Museum yn Ljouwert is takom jier te sjen yn Londen. It giet om Sits, katoen in bloei, de tentoanstelling dy't twa jier lyn by it Fries Museum te sjen wie.

Foto: Ruben van Vliet

De tentoanstelling luts doe goed 40.000 besikers nei Ljouwert. Dy koene alles te witten komme oer it hânskildere katoen út Yndia, dat benammen yn de santjinde iuw populêr wie.

De tentoanstelling is fan oktober takom jier oant en mei jannewaris 2021 te sjen, yn it Fashion and Textile Museum yn Londen.

(advertinsje)
(advertinsje)