Bouwe oan megatinte foar spektakelshow Fuerza Bruta yn Ljouwert

28 nov 2019 - 14:16

It wurdt de opfolger fan de Reuzen neamd: de spektakelshow fan it Argentynske selskip Fuerza Bruta. Fan 5 desimber ôf jouwe se 22 foarstellingen yn in grutte tinte neist it fabryk fan de Mannen van Staal yn Ljouwert.

Neffens Enno Feenstra, dy't ferantwurdlik is foar de opbou, ha se in jier dwaande west mei de tarieding. "We hawwe hiel yntinsyf kontakt mei Fuerza Bruta fia de mail en telefoan en fan 't simmer ha se hjir west om de lokaasje te besjen." De grutste útdaging by de opbou binne de grutte, izeren balken dy't op steigers tild wurde moatte. "Hjir moat 6 ton oan apparatuer fan Fuerza Bruta oan hongen wurde."

360 graden show

Hoe kin in show fan Fuerza Bruta it bêste omskreaun wurde? "Het is geen theatervoorstelling of dans of muziek of circus, maar het is een ervaring", fertelt organisator Claudia Woolgar. Der binne dan ek gjin stuollen foar it publyk, mar elkenien stiet en is ûnderdiel fan de 360 graden show mei bewegende poadia en bysûndere fisuele effekten.

It is ûnderdiel fan it ferfolch op Kulturele Haadstêd. It binne de Ljouwerter ûndernimmers dy't Woolgar frege ha om te sjen oft der dit jier net wer in bysûnder, ynternasjonaal barren yn Ljouwert plakfine koe, om de stêd yn de skynwerpers te hâlden.

Kaartferkeap

Oars as by de Reuzen, dy't foar elkenien fergees tagonklik wiene, moat der foar Fuerza Bruta wol betelle wurde. In kaartsje kostet goed 50 euro en der is ek studinte- en famyljekoarting.

Op it stuit binne der 10.000 kaarten ferkocht fan de yn totaal 22.000. Oft der soargen binne? "Ik heb in 2014 Fuerza Bruta ook in Ierland geprogrammeerd en hier was het van tevoren ook niet uitverkocht. Na de openingsavond ging het helemaal los en was het in no-time uitverkocht. Ik verwacht hier hetzelfde patroon", sa seit Woolgar.

By elke foarstelling is der plak foar tûzen besikers en dêrtroch kin der hiel wat flecht op 'e koai wêze. By de Mannen van Staal binne 380 parkearplakken beskikber. "Als dit niet genoeg blijkt te zijn, dan hebben we nog plek aan de andere kant van de weg, op loopafstand."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie by de opbou fan de megatinte foar Fuerza Bruta

(advertinsje)
(advertinsje)